Iepen dei SC Hearrenfean

04 aug 2001 - 00:00

De iepen dei fan sportclub Hearrenfean luts sneon in protte folk nei it Fryske Haachje. Sawat 10.000 minsken brochten in besite oan it Abe Lenstra-stadion. Dat is likefolle as ferline jier.

Foar de fans wie it de gelegenheid om de seleksje yn aksje te sjen of om dy iene hantekening fan it idoal te krijen. Fierder koe it publyk yn 'e kunde komme mei clubmaskotte Hero.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)