Lytse winkels ticht fanwege euro

04 aug 2001 - 00:00

Hieltiten mear âldere selsstannige winkelju hâlde dermei op fanwege de komst fan de euro. Se moatte ynvestearje yn de saak en dat kin net út mei it pensioen yn sicht.

De 55 jierrige Piet Vlasma fan Kollumerpomp is ien fan harren. Sneon die er nei 29 jier de doar ticht. Hy soe 40.000 gûne yn 'e saak stekke moatte om by te bliuwen. Dat kin Vlasma net opbringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)