Hurde wyn: IFKS-silerij giet oer

© Omrop Fryslân
De earste wedstriid om it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen gie sneon oer. Troch de hurde wyn rekken al foar de start guon skippen yn problemen.
De wedstriid telde net mei foar it klassemint. In massastart moast in plakje yn it Guiness Book of Records opsmite. Alle 63 skûtsjes soene nei it startskot fan Nijpels tagelyk los gean op 'e Iselmar by Hylpen.