Debat oer strafkoartingen
De Twadde Keamer komt 14 augustus werom fan reses om te praten oer de strafkoartingen. Minister Brinkhorst fan Lânbou sil it dan dreech krije. Hy wie frege om de koartings foar de troch tongblier troffen boeren fan tafel te heljen.
Brinkhorst hat lykwols net foar it ultimatum reagearre. CDA, VVD, SGP, SP en ChristenUnie ha freed oantrune op tekst en útlis fan de lânbouminister.