Fakânsje slachtoffers sedesaak

© Omrop Fryslân
Guon slachtoffers fan de sedesaak yn de Ljouwerter Seeheldebuert ha in fakânsje oanbean krigen, mar binne yntusken al wer thús.
It spesjale begeliedingsteam hie it idee de minsken in pear wike fakânsje oan te bieden. It VVV yn Starum hat doe in ûnderkommen regele. Om't it fakânsjeadres flakby in nudistestrân lei, binne de minsken wer nei hûs gien.