Agressyf mei honkbalkneppel

03 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is freed in 31-jierrige Ljouwerter oanholden nei't er mei in honkbalkneppel nei in portier fan in bar yn 'e Doelesteech slein hie.

Earder dy nacht hie de Ljouwerter al drige mei in fytsketting, nei't de portier him de tagong wegere hie. Dat ketting waard him doe troch de portier ôfpakt. Hy gie doe nei hûs om de kneppel op te heljen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)