Nederlands Leger set minsken út

03 aug 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Trije opfangtehuzen fan it Nederlandsch Leger des Heils yn Ljouwert binne oant moandei sletten. De lieding fan it Leger hat ûntdutsen dat yn dizze huzen al in pear wike yn drugs hannele wurdt en prostitúsje plakfynt.

It Nederlandsch Leger hat 17 minsken de tagong ûntsein. Foar de oare 30 bewenners is tydlike húsfesting regele.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)