Brângefaar yn bosken

02 aug 2001 - 00:00

It Fryske Gea makket him soargen oer de droechte yn de bosken. As it waar de kommende tiid sa bliuwt, moatte warskôgingsbuorden pleatst wurde by de yngong fan de bosken yn 'e provinsje. Dêr stiet op dat it ferbean is mei fjoer yn 'e bosk te kommen.

In pear buien helpe net tsjin it brânrisiko. It deade hout op 'e grûn is sa droech dat it wetter der fuort útrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)