Grou net fan start op Snitsermar

© Omrop Fryslân
It skûtsje fan Ljouwert is tongersdei foar de tredde kear winner wurden tidens de SKS-wedstriden. Snits waard twadde. De skûtsjes fan de Súdwesthoeke en Huzum moasten healwei de wedstriid ferlitte, fanwege in oanfarring.
Freed is de lêste wedstriid op 'e Snitsermar by Snits. Grou is dêryn net starten, nei eigen sizzen fanwege de hurde wyn. Grou is no wis kampioen.