Man omkaam by ûngemak
In man fan 73 út Grins is tongersdei om it libben kaam by in ûngemak op de A7 by Drachten. De man is nei alle gedachten moarns betiid fan 'e dyk rekke en yn 'e sleat telâne kommen.
De auto waard moarns healwei tsienen ûntdutsen troch foarbygongers. Dy warskôgen de plysje. De man siet noch yn 'e auto en wie al ferstoarn.