Help foar jonge sedeslachtoffers

© Omrop Fryslân
De slachtoffers fan de sedesaak yn Ljouwert krije help fan in spesjaal team. Helpferlieners begeliede de tsien bern yn de Seeheldebuert dy't seksueel misbrûkt binne.
It saneamde senarioteam bestiet ûnder oare út helpferlieners fan Slachtofferhulp. It is gearstald troch plysje en it Iepenbier Ministearje. Der sitte noch fjouwer fertochten fêst.