Kandidaat-wethâlder foar Amelân
It Amelân krijt in nije wethâlder. Der is ien kandidaat: Jan Nagtegaal fan de VVD. Moandei moat dúdlik wurde oft syn kandidatuer stipe wurdt troch de partijen.
It Waadeilân moast op syk nei in nije wethâlder doe't Bakema fan Ameland '82 likernôch in moanne ferlyn opstapte. Potinsjele opfolgers fan Algemien Belang en PvdA seagen fan de funksje ôf.