Van Tuinen-en-dy winne PC

© Omrop Fryslân
It partoer fan Pieter van Tuinen, Chris Wassenaar en André Kuipers ha de 148e PC yn Frjentsjer woansdei wûn. Mei 5-3 en 6-6 wienen de keatsers sterker as it partoer fan Johan Okkinga, Sake Porte en Taeke Triemstra.
Okkinga krijt noait wer kâns om de PC te winnen, om't er ophâldt. Under grutte belangstelling, in hite sinne en bier wie it wedstriidferrin net ferrassend.