Keunstner skildert op eilannen

© Omrop Fryslân
Keunstner Dirk Hakse wol fan 't hjerst by alle Waadeilannen lâns en dêr yn totaal 57 doeken skilderje. It projekt krijt as titel Colors of Music. Muzyk spilet der in grutte rol by.
Colors of Music is in ferfolch op in earder projekt op Skiermûntseach. Dêr soe Hakse mei in kollega 1000 doeken skilderje op it strân. Dat waarden der úteinlik wat minder.