Snits wint op Fluessen

31 jul 2001 - 00:00

It skûtsje fan Snits hat tiisdei it SKSsilen by Ealahuzen wûn. It wie de twadde oerwinning foar Douwe Visser en syn bemanning. Grou waard twadde, sadat Snits net in soad ynrûn op de klassemintslieder.

Foar Ale Zwerver wie it in sneue dei. Hy lei lang twadde, oant ien fan de bemanning de gyk tsjin de holle krige. It Lemster skûtsje ferliet de race.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)