Friezen kleie minst oer oerlêst

31 jul 2001 - 00:00

Friezen kleie it minst oer lûdsoerlêst fan alle Nederlanners. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Oer it generaal wurdt hieltyd mear klage oer lûdsoerlêst, benammen feroarsake troch auto's, fleantugen en buorlju.

Yn Utrecht en Limburch soe it measte leven makke wurde. Wa't rêstich wenje wol, kin mar it bêste yn Fryslân sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)