Hokkelingen losbrutsen
It fjoerwurkfeest op camping It Soal by Warkum hat sneontejûn foar opskuor soarge. By de pleats fan de famylje Miedema sloegen sa'n 20 hokkelingen op 'e flecht doe't it leven út ein sette.
De op de pleats oanwêzige skoanâlden fan Miedema koene de bisten net tsjinhâlde. Nei ferwachting kinne de kij moandei werom brocht wurde troch in feetransporteur.