30 minsken fan sânplaat rêden

30 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat snein tritich kuiderders yn groepkes fan in sânbank helle. De fjoertoerwachter seach harren op de plaat stean by opkommend tij.

Op it strân stean buorden dat de plaat by heech wetter ôfsluten is fan it strân. De kuierders sizze de buordsjes net sjoen te hawwen. Under de rêden binne in húshâlding mei in lyts bern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)