Aqualutra hieltyd populêrder

© Omrop Fryslân
Otterpark Aqualutra by Ljouwert kin op dit stuit krekt quitte draaie. Nei minne tiden witte hieltyd mear minsken it park te finen. Sûnt de weriepening ein juny komme der sels 30 prosint mear besikers as ferline jier om dy tiid. It binne hast 3000 yn 'e wike.
It park is de ôfrûne wiken útwreide mei mear tastellen foar de bern. Der binne ek mear bistesoarten bykaam.