Hearrenfean gelyk tsjin Schalke

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean spile sneon yn in oefen wedstriid mei 1-1 gelyk tsjin de Dútske bekerwinner Schalke 04. Yn it Abe Lenstrastadion namen de Dútsers yn de 13de minút de lieding fia in goal fan Djordejevic. De nije Feanster Erik Edman makke yn de slotfaze gelyk.
Schalke wie de earste helte better, mar nei de tee wiene de rollen omdraaid. De einstân joech sadwaande in goed byld.