Keatse om oandielen yn Arum

© Omrop Fryslân
Snein wurdt op de manlju's haadklasse partij yn Arum om oandielen fan Philips keatst. De lêste jierren waard yn Arum om kontant jild keatst. Om dit te trochbrekken is no foar oandielen keazen. Dit is ek in knypeach nei de nije haadsponsor fan de KNKB, Philishave Drachten.
Oan de keatspartij dogge 12 frije partoeren mei. De wedstriid wurdt laad troch skiedsrjochter Feenstra fan Marsum