Cambuur wint mei 15-0

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn it oefenduel tsjin fjirdeklasser Skearnegoutum wûn mei 15-0. Jan Bruin wie de topskutter, mei 6 goals, wêrfan 2 út in penalty.
Dirk Jan Derksen skoarde 4 kear, Kenneth Goudmijn 2 kear en Rodney Cairo, Dominique van Dijk en Geert Jelle de Vries elk ien kear. De fjirde oerwinning op rige bringt de totaalskoare fan Cambuur op 28 goals foar en 2 tsjin.