Boekje oer hoareka Iselmargebiet

28 jul 2001 - 00:00

De regio-VVV Iselmargebiet Fryslân komt mei in nij boekje oer de hoareka yn it gebiet. Yn de útjefte binne mear as 40 adressen opnommen. It giet ûnder mear om adressen fan restaurants en kafees.

Alle gelegenheden lizze yn it gebiet tusken De Lemmer en Frjentsjer. It boekje is benammen bedoeld foar toeristen. Fan nije wike ôf is it te krijen by alle VVV-kantoaren yn it Iselmargebiet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)