Fjochtpartij yn Ljouwert

28 jul 2001 - 00:00

De plysje hat sneontemoarn betiid in soad muoite dwaan moatten om twa groepen fjochtsjende jongeren út mekoar te hâlden. De fjochtpartij wie tusken twa groepen fan elts tsien persoanen en fûn plak op it Ruiterskwartier.

Ien fan de groepen hie twa famkes op in scooter tsjinhâlden en lestichfallen. De oare groep wie hjir lilk om. It skeel rûn dêrnei út op in fjochtpartij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)