Noch gjin nije wethâlder Amelân

© Omrop Fryslân
Der is noch hieltyd gjin nije wethâlder op It Amelân. Freedtejûn ha de partijen op 'e nij praten oer in opfolger foar wethâlder Bakema fan Amelân '82. Dy is opstapt nei in kritysk rapport oer syn hannelwize.
De ûnderhannelings oer in nije wethâlder ferrinne dreech. It CDA set yn op in minderheidskolleezje mei VVD'er Jan Nagtegaal as wethâlder.