Strop foar fytseferhierder Skier

© Omrop Fryslân
Fytseferhierbedriuw Soepboer op Skiermûntseach hat fan 'e wike foar f 3000,= skea oprûn omdat 300 fytsen net ferhierd wurde koene. It bedriuw hat efter in stek yn 'e haven 600 fytsen stean.
Fandalen binne oer it stek klommen en ha 300 fytsen op slot set en de kaaikes by inoar yn in amer smiten. Meiwurkers ha oeren dwaande west om de goeie kaai by de goeie fyts te finen.