Minister: keallefleis opkeapje

© Omrop Fryslân
De opkeapregeling foar kealtsjes, dy't it lânbouministearje betocht hat, sil net fan ynfloed wêze op de prizen. Neffens keallehâlder Van Dam soe de maatregel wol guon boeren de kop kostje kinne.
It ministearje wol 10.000 kilo keapje en ynfrieze om sa de priis te ferheegjen. Nei in pear moannen soe dat fleis wer op de merk brocht wurde moatte.