Ties Heldens bliuwt by Cambuur

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat wer in echte Ljouwerter yn 'e seleksje. Ferdigener Ties Heldens, dy't op proef mei Cambuur op trainingskamp wie yn Drinte, foldocht sa goed dat er in kontrakt oanbean krigen hat.
De Ljouwerter wie it ôfrûne seizoen troch SC Hearrenfean ferhierd oan Veendam. Cambuur-trainer Gert Kruys sei freed op 'e parsedei dat Cambuur dit seizoen yn 'e top trije einigje wol.