Autopont leit derút

27 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It pontsje foar auto's tusken Langwar en Snits fart de kommende dagen net. Dat hat te krijen mei de oandriuwing. De steuring komt min út yn dizze drokke fakânsjeperioade.

It lytse pontsje foar de fytsers stekt it wetter noch wol oer. Auto's moatte omride oer De Jouwer. De ferwachting is dat it pontsje noch oant tiisdei net farre sil.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)