Utstel fan betelling skipswerf

© Omrop Fryslân
Der wurdt dochs útstel fan betelling oanfrege foar skipswerf Frisian Shipyard Welgelegen yn Harns. It bedriuw kin net oan syn skulden foldwaan, sa fynt algemien direkteur Ressenaar.
Dit betsjut dat it bedriuw ûnder tafersjoch komt te stean fan in bewâldfierder. Ald-direkteur en grut-oandielhâlder Van der Schoot woe de surséânse foarkomme om't in fúzje mooglik wurde soe.