Dochs Friesche Vlag yn Konmar

27 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Fan 8 augustus ôf binne alle Friesche Vlag-produkten dochs te krijen yn de noardlike Konmar-winkels. De direksje fan Laurus hat dêrta besletten omdat der yn it Noarden in grut ferlet wie fan Friesche Vlag-produkten.

De produkten kinne net earder as 6 augustus oanlevere wurde, omdat de leveransiers oars yn de problemen komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)