Bonifatiuskapel moat opfalle

© Omrop Fryslân
In wurkgroep moat der foar soargje dat de Bonifatiuskapel en it park dat der by heart better opfalle yn it Dokkumer stedsbyld. De groep hat al in pear plannen makke. Sa moat der in oar strjitteplan komme, sadat besikers fan 'e stêd daliks sjen kinne wêr't de kapel is.
Oant no ta is it dreech om de kapel te finen. Njonken dat de kapel mear opfalle moat, moat ek it park opknapt wurde.