Underdiel fan keunstwurk stellen

© Omrop Fryslân
Unbekenden ha woansdeitenacht yn Aldeberkeap in ûnderdiel fan in keunstwurk fan de Dútse keunstner Klaus Grosskopf stellen. It part is wol werom fûn, mar it is skansearre. It giet om in kûgel fan ikehout fan sa'n 60 sm. trochsneed.
De keunstner wurket tidens it Open Stal oan in keunstwurk. It ûnderdiel lei ree om dêrfoar brûkt te wurden. Open Stal duorret oant en mei 12 augustus.