'Park Appelskea oanslach natuer'

26 jul 2001 - 00:00

Grien Links riedslid Beukers fan Eaststellingwerf fynt de plannen foar in rekreaasjepark by Appelskea 'ekologysk ûnakseptabel en ekonomysk twiveleftich'. Neffens Beukers sil de komst fan it park 'Hildenberg' in te grutte oanslach wêze op de natuer.

De gemeente Eaststellingwerf wol in park fan 150 bungalows en in golfbaan oanlizze yn de buert fan Appelskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)