Ballonfeesten op De Jouwer
De Ballonfeesten op De Jouwer binne woansdei begûn. De iepening wie in grut sukses. Alle 35 loftballonnen dy't oanmeld wienen, koenen de loft yn om't it net hurd waaide. Der wienen 3500 beteljende taskôgers.
Der wienen fjirtjin ballonnen yn in spesjale foarm lykas in lokomotyf en in bierflesse. Opfallend wie de Oriënt Express fan 45 (lang) by 25 meter (heech).