Noch gjin nije wethâlder Amelân
It Amelân moat it noch sûnder wethâlder dwaan. De gemeenteried prate tiisdeitejûn oer de opfolger fan Bakema. Hy stapte 10 july op nei't in ferneatigjend rapport oer syn funksjonearjen ferskynd wie.
De partij fan Bakema, Ameland '82 is doe ek út it kolleezje stapt. Freed wurdt fierder oer de nije wethâlder fan it Waadeilân praat.