Unkrûd Ljouwert moat oanpakt
Ljouwert moat it ûnkrûd op strjitte oanpakke. Dat easket de Ljouwerter VVDfraksje yn in brief oan B en W. Ofspraken dêroer binne net neikommen om't de diselprizen tefolle omheech gien binne.
De VVD-fraksje fynt dat de stêd der troch al dat túch sútrich byleit. Dat makket in ferkearde yndruk op 'e toeristen en de boargers.