Kantine Drachtster Boys útbrând

24 jul 2001 - 00:00

Drachtster Boys hawwe in minne start fan it nije fuotbalseizoen. Tiisdei brânde de kantine fan de fuotbalklub folslein út. De brân is nei alle gedachten oanstutsen.

De wedstriden geane gewoan troch. Oer twa wike moatte de Boys om de Amstelcup spylje en krije se de fuotbalklubs Grins en Veendam op besite. De skea wurdt rûsd op 250 tûzen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)