Spesjale sikehûsôfdieling nedich

© Omrop Fryslân
Foar minsken mei saneamde somatofone klachten moat in spesjale sikehûsôfdieling komme. Dat fynt psychiater Bruinen fan it MCL. By somatofone klachten ha minsken wol pine, mar de dokter kin der gjin ferklearring foar fine. Sokke pasjinten reizgje faak in soad dokters ôf.
In sintrum foar sokke klachten soe goed wurkje kinne yn in sikehûs, omdat in pasjint dêr gau te plak wêze kin.