Soad drokte op feemerk
Op de Ljouwerter feemerk dy't tiisdei nei fiif moannen wer út ein set is, binne in soad feehannelers ôfkaam. De oanfier fan keallen begûn om seis oere en wurdt rûsd op in twatûzen stiks.
Neffens merkmaster Hoeksma hâldt elk him goed oan 'e regels. It is eefkes wennen foar de boeren en feehannelers. Se moatte bygelyks learzens en blauwe jassen oan.