Advendo Snits bêste fan 'e wrâld

© Omrop Fryslân
It ôfrûne wykein waard yn Kerkrade it World Music Concours hâlden. Advendo út Snits is dêrby earste wurden yn de kategoary Marsparade. Sy binne no dus de bêste fan 'e wrâld.
Op it twadde plak einige it Pasveerkorps fan Ljouwert. De wrâldkampioenskippen binne ien kear yn de fjouwer jier yn it Rodastadion. 20.000 taskôgers seagen hoe't Advendo it findel krige.