Goede saken foar seilmakkerij

© Omrop Fryslân
Seilmakkerij Molenaar hat it de lêste moannen tige drok hân. It bedriuw hat dit jier foar 9 skûtsjes út de SKS-float in nij seil makke.
De seilen binne 110 kante meter, oan elk wurdt sa'n 5 dagen wurke. De skûtsjekommisje moat hjir flink foar betelje: de seilen kostje sa'n 250.000 gûne it stik. De seilen krije in karmerk en moatte foldwaan oan de nije 55 persint-regel.