Oanholden foar drugsbesit

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitemoarn betiid nei in wylde efterfolging twa manlju út Ljouwert oanholden. De Ljouwerters fan 42 en 36 jier wienen yn besit fan drugs.
Under in plysjekontrôle gongen de beide manlju mei hege snelhied der fan troch. Eefkes letter smiet de bestjoerder in pûdsje kokaine út syn wein. Hjirnei sette de man syn auto oan de kant fan de dyk. De plysje koe no de manlju oppakke.