Swiere frou ferwûne rekke

23 jul 2001 - 00:00

In swiere frou dy't trije moannen yn ferwachting is, is sneintemiddei ferwûne rekke by in autoûngelok op de Hemmawei te Berltsum. It ûngelok is feroarsake troch in 84-jierrige ynwenner út Jelsum.

Hy fergeat foarrang te jaan oan in 25jierrige bestjoerder fan Sint Anne. De Jelsumer ried fan de Bitgumerdyk sa de Hemmawei op. De swiere frou is oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)