Winst foar Berkepas yn Huzum
By it keatsen snein yn Huzum, Ljouwert stienen tolve partoeren op de list. De finale fan it haadklasse keatsen yn de frije formaasje gie tusken it partoer fan Auke van der Graaf, Kor Zittema en Simon Minnesma tsjin dat fan Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Marten Feenstra.
De winst wie foar it partoer fan Berkepas-en-dy mei 5-5 en 6-4.