Earste sprong oer 18 meter

© Omrop Fryslân
By it fierljeppen hat Rients van der Wal foar it earst dit seizoen oer de 18 meter sprongen. Mei 18.09 waard er yn Burgum sneon earste. Van der Wal hat goede kânsen foar it Frysk Kampioenskip dat meikoarten is. Hy hat tongersdei ek wûn.
By de froulju wie Antke van der Wal de bêste mei in sprong fan 13.29 meter. Bart Helmhout wie de bêste by de junioaren mei 17.08 meter.