Tinkstien foar Titus Brandsma
De yn 1985 sillich ferklearre Titus Brandsma hat sneon in monumint krigen. De tinkstien foar de pater stiet yn syn berteplak, Oegekleaster by Boalsert. Pastoar Van der Wal ûntbleate de stien. De twa meter hege obelisk hat de tekst: Nada te turbe (lit neat dy fersteure).
Titus Brandsma waard yn 1881 berne. Yn 1942 is er stoarn yn in konsintraasjekamp.