Minnesma wint yn Seisbierrum

21 jul 2001 - 00:00

De finale fan it haadklasse keatsen fan de manlju op útnoeging gie sneon yn Seisbierrum tusken de partoeren fan Klaas Anne Terpstra, Jochum Bouma en Kor Zittema tsjin dat fan Simon Minnesma, Chris Wassenaar en Tjepko Miedema.

It partoer fan Simon Minnesma-en-dy wûn úteinlik mei 5-4 en 6-2. Der stienen acht partoeren op de list.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)