Dowen yn wedstriid omkommen

© Omrop Fryslân
Tûzenen jonge dowen út Fryslân binne yn it ôfrûne wykein ferstoarn. De bisten makken in wedstriidflecht fan Boxtel nei it Noarden. Neffens de dierebeskerming hienen se net fleane mochten om't de omstannichheden te swier wienen.
Neffens de dowehâlders wie der in posityf advys foar de wedstriid jûn. Mooglik giet de wedstriid dy't sneon op it program stiet net troch as it slim waait.