Skippersoplieding foar de jeugd

© Omrop Fryslân
Yn it Kameleon-doarp Terherne kin de jeugd tenei in skippersoplieding folgje. Op it Kameleon-eilân wurdt de jongerein alles leard om in brevet te heljen.
De bern krije earst les yn roeien, dêrnei leare se it farren mei motorboat en it lizzen fan knopen. Fansels wurdt se ek it silen bybrocht. Bern fan 6 oant en mei 14 jier kinne junior boatsman, junior stjoerman en junior skipper wurde.